foto.jpg
vereniging voor eenheidsklasse in praamzeilen
De Nije Sylpream

Koudum 14 en 15 Mei 2022

140904 - RMcD Regatta-492.jpg
Griet Boersma Oersjocht de startline

Hurdsilery de Holken 14 en 15 maaie 2022. Ferslach fan pream no. 2 (twadde hans)

Yn de Gordyk, tongersdei 12 maaie de pream klear makke, mêst del en freedtemoarn op e tiid rjochting  De Holken.
Foar de Rolbrêge sawat in oere wachte fanwege in steuring .De hurde wyn rjocht op e kop en mei in protte “gebots” oer de Heegermar en de Fluessen op de Holken oankaam.
Omdat 2 fan ús fêste bemanning, Rik trochsniende pees, Marwan wurk, binne we mei Hans, Klaas, Iwan (fêst) en opstapper Sytze Brouwer (skipper Gerben van Manen)  de striid oangong !
Mei help fan it maoie waar en wynkrêft, wie it mei 4 man te dwaan. We hiene alle fjouwer de hannen fol en dêrtroch gjin tiid om om ús  hinne te sjen, allinnich dan dat wat foar ús belangryk wie…… Wêr lizze de tonnen, wêr leit de geunstiche flaag, wêr binnne de oare preammen, kinne we frij farre enz.
Perfoarst gjin tiid en each foar de konkurrint, oars dan as je net fier ôf lizze.
Dus allinnich wat ús bybleaun is de 2e wedstryd, de moaie striid mei Wiebe (pream 20) en syn mannen, in “close”finish op sneon. De oare beide wedstryden wiene foar ús.

Op snein wer prachtich sylwaar en Marvin as fêste bemanning foar Sytze, dus wer mei fjouwer en drok mei ús sels dwaande.
By de 1e start wiene we te betiid , dêrom  as de bliksem om de boppetonne gybje , wol wat te let, mar moai heech fuort. Eelke (pream 4) kaam yn it begjin soms tichtby, mar koene we beide wedstryden frij sile en sadwaande beide kearen winne.

We hiene graach wat mear ferslach dien, hoe de oare preammen  syld ha, mar dat hawwe we gewoan net sjoen en we wisten ek net dat we in ferslach meitsje moesten.
It is net oars, mar ut de reaksjes nei de wedstryden en it Chineeske iten, kinne we wol opmeitsje dat elstenien it tige nei `t sin hawn hat.

Op nei de Gaastmar op 25  en 26  juni !!

Fam. Boersma 

Uitslag

Wedstrijd 14 en 15 mei 2022 Koudum.

plaats zeilnr   totaal 1e 2e 3e 4e 5e
1 1 Hans Boersma 4.0 1 (2) 1 1 1
2 21 Tonny Kleinhuis 11.0 (5) 3 2 3 3
3 4 Eelke Dykstra 13,0 4 5 (6) 2 2
4 20
Wiebe Haytema
14.0 2 1 (8) 7 4
5 17 Durk Zijlstra 17.0 3 4 (9) 4 6
6 5 Henk de Vries 23.0 7 (9) 5 6 5
7 10 Floris Kooistra 24.0 6 6 7 5 (8)
8 7 Sybren Gosse van der Velde 27.0 8 8 3 (9) 7
9 16 Douwe Idzinga 28.0 (9) 7 4 8 9
                 
                 
                 
                 

De nieuwe Friese zeilervaring

De Nije Sylpream

De Nije Sylpream is een nieuw ontworpen platbodem, een prachtig schip met zeer goede zeileigenschappen. Door de eenvoud is het schip uiterst gemakkelijk te bedienen en geschikt voor allerhande activiteiten.

Lees meer

© 2024 De Nije Sylpream